Ungelokken troch winterwaar

Troch it winterwaar fan dit wykein ha der ferskate oanridings west. Sneontemoarn rekke in bestjoerder (23) de macht oer it stjoer kwyt op de A7. De Snitser woe in frachtwein ynhelje mar rekke troch de glêde dyk yn in slip. De auto sloech oer de kop en kaam yn de berm. Hy is yn it sikehûs.
Ek op de A31 by Marsum wie it raak. Sneontemiddei ferlear in man (30) út Ljouwert de macht oer it stjoer troch hagel. Hy slipte fan de dyk en kaam yn de berm ta stilstân.