Soargen VVD oer breuk LEON

© Omrop Fryslân
De VVD yn Ljouwert makket him soargen oer de breuk tusken de Ljouwerter ûndernimmersferiening LEON en de gemeente. LEON stapte ferline wike út in oerlis mei de gemeente oer de bou fan in nij winkelkompleks by de Werpsterhoeke.
De feriening hie de gemeente frege foar 19 novimber mei dúdlikens te kommen oer de plannen mar Ljouwert hat dy net jûn. LEON wol no syn namme net langer ferbine oan de plannen. De VVD wol wite hokfoar konsekwinsjes dit hat.