Twente boartet mei Hearrenfean

SC Hearrenfean hat sneontejûn in geweldich pak op 'e bealch krigen fan FC Twente. Yn Enschede einige de wedstriid tusken de twa subtoppers yn in 6-0 oerwinning foar de thúsploech. By it skoft wie it al 4-0.
Grutte man oan de kant fan FC Twente wie Blaise N'Kufo. De oanfaller dy't dit seizoen noch mar twa doelpunten achter syn namme stean hie, skoarde trije kear. De oare doelpunten waarden makke troch Kenneth Perez (2x) en Marko Arnautovic.