Wikseltrúk úthelle yn Stiens

In âlder echtpear yn Stiens yn dizze wike dupearre troch in wikseltrúk. It pear fan 80 en 83 jier hie 200 euro yn briefkes fan fyftich by de jildautomaat helle en makke dêrnei in kuierke.
Op de Smelbrêge frege in frou oft se in euro foar lytsjild wikseljild koene. Nei it wikseljen wiene de briefkes fan fyftich fuort. De plysje is op syk nei de frou. Se wie 25-30 jier, 1,65 meter lang en hie donker opstutsen hier, in bril en tinte hûd.