Hynder fêst achter trekheak

© Omrop Fryslân
In hynder op 'e rin is sneontemoarn yn Starum fêst komme te sitten achter de trekheak fan in parkearde auto. It hynder bruts los út syn stâl en draafde mei in halter om en in ein tou achter him oan oer de dyk.
Midden yn Starum gie it hynder ûnderút en kaam op wûnderlike wize mei de skonk fêst te sitten tusken de trekheak en de bumper fan de parkearde auto. De eigneresse, de brânwacht en de fee-arts ha it bist wer los krigen. It bist hat no in kreupele skonk.