Ferlies foar Cambuur

Cambuur ferlear freedtejûn foar it earst sûnt 28 septimber wer in wedstriid. Yn in fol Cambuur stadion gie it mis tsjin Telstar: 2-3. De Ljouwerters kamen fia Maachi noch wol op foarsprong, mar yn de twadde helte kamen sy net mear oan fuotbaljen ta.
Fia goals fan Willemsen en Koning (2x) rûn Telstar út nei 3-1. Yn de blessueretiid makke Marc Mboua noch de 3-2.