Wurkleazen fine baan op beurs

138 minsken sûnder wurk ha tongersdei op de Baanbrekersbeurs yn Ljouwert in baan fûn. De gemeente Ljouwert hie de beurs organisearre om kontakten te lizzen tusken minsken mei in wurk- en bijstânsútkearing en wurkjouwers, opliedingsynstituten en adviseurs.
Mei-inoar waarden tongersdei 2100 petearen fierd tusken de ferskate partijen. Foar 400 minsken steane der ferfolchpetearen planned dy't wurk opsmite kinne.