Inisjatyf foar wenromte âldere

It plan fan 25 miljoen
Op in âld bedriuweterrein oan de Seedyk op 'e Lemmer soene oer trije jier 50 apparteminten, in fitnesssintrum en in grut hotel stean moatte. In groep partikulieren hat goed 25 miljoen euro oer foar de ûntwikkeling fan dizze plannen. Se hawwe de grûn al oankocht en sykje no stipe by de gemeente foar de plannen.
De apparteminten binne benammen bedoeld foar de âlder wurdende Lemsters mei in lisplak foar de boat foar de doar.