Flevobrêge De Lemmer stikken

De Flevobrêge yn it sintrum fan De Lemmer is fan tongersdei ôf in wike lang strimd foar al it skipfeartferkear. By in kontrôle hat bliken dien dat der problemen binne mei ien fan de assen. It bewegingswurk is foar in part útsliten.
De haastreparaasje is nedich, omdat der oars grutte skea ûntstiet. It skipfeartferkear kin troch de Prinses Margriet slús.