Balkster falt fan ljedder

In 69-jierrige man út Balk is woansdei yn Himmelum ferwûne rekke by in fal. De man wie yn in lisboksstâl oan de Mientwei wat balken oan it fervjen.
Troch ûnbekende oarsaak foel er mei ljedder en al om en kaam er op de flier fan de stâl terjochte. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.