Soad fragen oer provinsjehûs

Deputearre Tineke Schokker moast woansdeitejûn hiel wat fragen fan steateleden beantwurdzje oer it provinsjehûs. Koartlyn waard bekend dat de bou fan in nij provinsjehûs hast 80 miljoen euro kostje moat, wylst earder tocht waard dat it foar rom 60 miljoen koe.
Neffens Schokker is it net mooglik in goedkeaper provinsjehûs te bouwen. Se hat noch gjin idee wat de gefolgen binne, mochten de steateleden 'nee' sizze tsjin de hegere kosten.