Nij projekt Frysk op skoallen

Goed 100 jier wurdt der Fryske les jûn op de middelbere skoallen, mar it is noch hyltyd net goed genôch. Dêrom komt de provinsje Fryslân yn gearwurking mei fjouwer middelbere skoallen en de NHL mei in nij projekt: Minderheidstalen 1.
Hjiryn stiet net allinnich de taal sintraal, mar wurdt der ek sjoen nei hoe't je op in aardige wize mei it Frysk dwaande kinne. Boppedat soe it Frysk mear wurde moatte as it fak dat ien oere in de wike jûn wurdt.