Jildpine driget foar Wâldsang

© Omrop Fryslân
Muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost driget yn finansjele problemen te kommen. De subsydzjes fan fjouwer gemeenten yn Noardeast-Fryslân bliuwe gelyk, wylst de kosten fan it sintrum hieltyd heger wurde. Boppedat nimt it tal learlingen dat muzykles nimt ôf. Foarhinne waard bygelyks in soad lesjûn oan blazers, mar de belangstelling nimt ôf.
In grut ûndersyk moat dúdlik meitsje hoe't de takomst fan De Wâldsang der útsjocht.