Nijbou foar Ljouwerter Tramwyk

Op it plak fan 'e eardere tramremize oan de Ljouwerter Tramstrjitte is moandei de earste peal slein foar in grut wenkompleks. Yn it nije gebou komme apparteminten, soarchwenten, bedriuwsromten en in kafee foar âldere minsken.
Unyk is dat der gjin gasoansluting komt. It gebou wurdt ferwaarme mei in sintrale wetterpompynstallaasje. De âlde remize paste net yn 'e plannen, mar it plan is om dy in plakje te jaan by de St. Stoomstad Fryslân yn Starum.