Kursus natueriismaster KNSB

De KNSB komt dizze winter mei in kursus foar natueriismasters. IIsclubs kinne op dy kursus leare hoe't se bygelyks in wedstriid of tocht organisearje moatte. Mar se krije ek les yn it beoardieljen fan de iisdikte en de oanlis fan saneamde kombybanen, dêr't simmerdeis op skeelere wurdt en dy't winterdeis as iisbaan brûkt wurde kinne.
De KNSB ferwachtet in soad animo foar de kursus, ek al hawwe we al jierren gjin sterk iis mear hân.