Jonges fine tsjildoppen

Op De Lemmer hawwe trije jonges fan 9 en 11 jier in grutte party stellen tsjildoppen fûn. De broers Sjors en Bas Verweij út De Lemmer boarten mei Jelmer Post (11) fan De Jouwer. Yn it Lemsterboskje kamen de jonges de iene nei de oare tsjildop tsjin.
Sy wisten net dat it om stellen tsjildoppen gie. De trije brochten de doppen nei it plysjeburo en ûntdutsen dat sy in grutte bút fûn hiene, dy't sûnt oktober fermist wurdt. De plysje hopet de dieders no gau te pakken.