Tegels út Makkum foar Europol

Ierdewurkfabryk Tichelaar yn Makkum hat in grutte oarder krigen. Foar it nije haadkertier fan Europol yn Den Haach moatte spesjale glazuerde bakstiennen makke wurde. Europol is de Europeeske plysje-organisaasje.
It giet om in opdracht fan sawat ien miljoen euro. Tichelaar moat dêr sa'n 100.000 bakstiennen foar leverje. Dy wurde makke yn it nije fabryk fan Tichelaar yn Makkum.