Huzeferkeap Frjentsjer stadich

Wa't in wenning ferkeapje wol yn Frjentsjerteradiel, moat yn trochsneed tusken de 240 en 260 dagen wachtsje foardat it hûs ferkocht is. Makeldersferiening NVM hat dit yn 95 gemeenten ûndersocht. Nearne duorret it sa lang as yn Frjentsjerteradiel.
It giet om sifers oer de earste helte fan dit jier. Ut it ûndersyk blykt ek dat de priisstiging fan iengesinswenten yn Frentsjerteradiel it heechste west hat fan alle ûndersochte gemeenten; seker 12 %.