Earst dûse, dan swimme
Yn de swimbaden Kealledykje en de Blauwe Golf yn Ljouwert wurdt dizze hiele moanne kampanje fierd foar skjinner swimwetter. By dizze kampanje leit de klam op it dûsen foar it swimmen.
As minsken dûse foardat se yn it swimbad dûke, bliuwt it wetter folle langer skjin. Swit, urine en bygelyks hiergel wurde dan foar it swimmen al ôffierd. Spesjale akteurs wize dizze wike minsken op it feit dat se earst dûse moatte.