Man ûnder diskobus: dea

© Omrop Fryslân
In 44-jierrige fuotgonger út Winsum is yn de nacht fan sneon op snein om it libben kaam neidat er oanriden waard troch in diskobus. De bus wie ûnderweis op de Lutjelollumerwei by Tsjom doe't de 50-jierrige sjauffeur út Ljouwert in hurde klap hearde en stilhold.
Hy seach it slachtoffer yn de berm lizzen en warskôge fuortendaliks de plysje troch 112 te beljen. De plysje en ambulânse wiene der gau by, mar koene de man net mear rêde.