Rydbewiis ynnaam

De plysje hat freedtemiddei it rydbewiis fan in 52-jierrige frou út Beetstersweach ynnaam. Ek krige se in prosesferbaal. De frou wie earder yn de Haadstrjitte tsjin in parkearde auto riden, dêrnei ried se troch.
Op oanwizing fan tsjûgen koe se oanhâlden wurde. Ut in blaastest die bliken dat de frou tefolle drank op hie.