Wrâldwykein by Stay Okay
Fyftich minsken dy't troch jildpine of oare problemen hast noait in wykeintsje fuort kinne, binne dit wykein fergees te gast by de Stay Okay yn Snits. Dat bart yn it ramt fan it saneamde wrâldwykein dêr't noch folle mear Stay Okay's oan meidogge.
Yn Fryslân kinne minsken njonken Snits en op Skylge terjochte. Op Skylge binne mear as fjirtich gasten. Alles is foar harren regele en it is allegear fergees. De gasten binne der bliid mei.