T'diel goed mei Frysk

Tytsjerksteradiel hat op papier it bêste Fryske taalbelied fan de provinsje. Dat blykt út in ûndersyk fan de provinsje. Freed waarden de útkomsten fan it rapport iepenbier makke. De provinsje hat dizze kear net de útfiering fan it belied ûndersocht.
Oan it ûndersyk dienen 21 fan de 31 Fryske gemeenten mei. Fan wethâlder Houkje Rijpstra mei de provinsje ek de praktyk ûndersykje. Se giet der fanút dat Tytsjerksteradiel dan ek heech skoart.