Foarljochting sikehuzen BSN

© Omrop Fryslân
De Fryske sikehuzen komme ynkoarten mei in foarljochtingskampanje oer de ynfiering fan it Burgerservicenûmer by de sikehuzen. Dat BSN-nûmer, it eardere sofi-nûmer, moat fan takom jier juny ôf fan elke pasjint ynfierd wêze by de soarchynstellings. Dat hat de regearing bepaald.
De Fryske sikehûzen wolle fan 1 jannewaris ôf alle BSN-nûmers fan de pasjinten sammelje.