Jonge falt frou lestich

In 47-jierrige frou út Wolvegea is tongersdei lestichfallen troch in jonge fan sawat 16 jier. Dat barde op de Stadhoudersleane.
De jonge wie op de fyts en hie in donkere rêchsek by him. Hy kaam út de Bremstrjitte en frege oft hy de frou wat freegje mocht. De jonge stelde de frou dêrop seksuele fragen en fytste dêrnei fuort. De plysje docht in berop op tsjûgen.