Kontrôle iepenbier ferfier

De provinsje sjocht gjin reden om syn kontrôle op it iepenbier ferfier oan te passen. Neffens de ChristenUnie wist ferfiersbedriuw Connexxion dat de provinsje yn oktober kontrolearje soe oft de bussen wol op tiid ride. It bedriuw stjoerde dêrnei de sjauffeurs in brief om dêr goed om te tinken. De CU tinkt dat de kontrôle dêrtroch net in goed byld opsmiet.
Neffens it provinsjebestjoer wie Connexxion net troch de provinsje op 'e hichte brocht fan de kontrôle.