Arriva hellet bussen werom

Bussen werom nei Fryslân
Ferfiersmaatskippij Arriva hellet de lege ynstapbussen werom nei Súdeast Fryslân. Dêrmei komt der in ein oan it skeel tusken Arriva en de provinsje. Deputearre Piet Adema hie Arriva in boete fan 100.000 euro oplein, omdat Arriva wegere de bussen mei in lege ynstap yn it gebiet yn te setten.
Arriva hie de bussen yn in oar gebiet nedich. De regio Súdeast Fryslân is net mear fan it grutste belang foar Arriva. Ynkoarten sil net Arriva, mar Q-Buzz de busritten dêr fersoargje.