Ultimatum foar Gaasterl./Sleat

Gaasterlân-Sleat krijt noch oant 1 maaie 2009 de tiid om him oan te sluten by de weryndielingsplannen foar de Súdwesthoeke. As de gemeente dan noch net mei dy fariant fierder wol, dan is it te let om noch mei te dwaan.
Dat hat boargemaster Hoornstra tiisdei te hearren krigen yn it petear dat er hie mei kommissaris fan de Keninginne Jorritsma. Gaasterlân-Sleat hie dat petear oanfrege omdat de gemeente bot ûngelokkich is mei it optreden fan deputearre Galema.