Mishanneling op lanlike TV

Yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht wurdt tiisdeitejûn omtinken jûn oan in mishanneling op 'e Jouwer. It giet om de mishanneling fan in 37-jierrige frou fan De Jouwer. Sy waard moandeitemoarn 6 oktober om 6:20 oere hinne mei in mes bewurke.
De frou wie ûnderweis nei har wurk en waard troch in ûnbekende man fan har fyts lutsen. Hy bedrige har mei in mes en helle in pear kear út oer it boarst fan de frou. Oant no ta koene noch gjin fertochten oanholden wurde.