Minder jild fan VSB-fûnsen

Kulturele ynstellings of sportferienings dy't op 'e siik binne nei ekstra jild, meitsje dit jier minder kâns op in bydrage út it VSB-fûns. It goeie-doele fûns hat dit jier folle minder te besteegjen troch de ûndergong fan Fortis. As oandielhâlder fan Fortis is de helte fan it fermogen ferlern gien.
It VSB fûns jout alle jierren sa'n 1,5 miljoen euro oan ynstellings dy't finansjele help nedich ha. It fûns sil de oanfragen no skerper beoardiele.