Mishanneling yn Snits

In man (27) út Drylts is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn in hoarekagelegenheid yn de Lytse Tsjerkestrjitte yn Snits, op fertinking fan bedriging en mishanneling. In portier besocht in freon fan him út de saak te setten, omdat er binnen smookte.
De fertochte pakte de portier beet. It slachtoffer woe de portier helpe, wêrnei't de fertochte him sloech en bedrige. De plysje hat de fertochte oanholden en meinommen nei it buro.