Aris ferliest spannend duel

De basketballers fan Aris Friesland hawwe nei in spetakulêre einfaze ferlern fan Weert. Yn Ljouwert ferlear Aris mei 108-106.
Aris rûn de hiele wedstriid tsjin in efterstân oan. De trijepunters foelen net, mar by Weert wol. Fyftich sekonden foar de ein kaam Aris dochs mei 104-103 foar. Mei in pear sekonden te spyljen en de stân fan 108-106, miste Van der Kamp in trijepunter, wêrtroch Weert dochs wûn. Aris is no achtste mei 8 punten út 10 wedstriden.