Op 'e bon foar te hurd riden

De plysje hat freed op meardere plakken yn de provinsje in snelheidskontrôle hâlden. Dêrby waarden op de Sibadawei yn Easterein 20 automobilisten bekeurd, dy't te hurd rieden. De grutste oertreder hie 72 kilometer op de teller stean, wylst 50 tastien is.
Yn Snits waard kontrolearre op de sneldyk nei Boalsert. Dêr rieden seis minsken te hurd. Op de Hoofdweg yn Ychten gienen om dy reden ek seis automobilisten op 'e bon.