Steatebibel nei 9 jier teplak

De kristlik grifformearde tsjerke fan Damwâld hat de steatebibel wer werom. De 300 jier âlde bibel waard yn 1999 stellen. Koartlyn kaam by Misdaad Anoniem in tip binnen oer de bibel.
De plysje fûn de histoaryske bibel by in ynwenner (50) fan Koatstertille. Dy sei dat er de bibel kocht hie fan in Driezumer (64). Ek dy hie de bibel wer kocht fan in oar. Beide mannen krigen proses-ferbaal. De plysje heart de earste ferkeaper. Dy wurdt fertocht fan it stellen fan de bibel.