Tylders socht foar krokus

De Stichting Túnbouprojekt Fryslân siket blombolletylders. Se moatte saffraankrokussen ferbouwe foar boeren yn Afganistan. Yn Grinslân is de earste bunder mei dizze bol al plante. In protte boeren yn Afganistan ferbouwe de saffraankrokus, mar ha te min bollen. Ek is de kwaliteit net goed.
Doel is dat Afgaanske boeren earder kieze foar it kweken fan saffraan ynstee fan papaver. Takom jier geane de earste bollen nei Afganistan.