Frjentsjer wol ek kultuerjild

Frjentsjer wol ek jild foar kultuer
Frjentsjer wol krekt as Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean ek kultureel sintrum fan de provinsje Fryslân wurde. De keatsstêd is net opnaam yn de provinsjale kultuernota en dat betsjut dat der gjin provinsjaal jild frijmakke wurdt foar Frjentsjer as kultureel sintrum.
It Martena Museum, It Planetarium en De Koornbeurs sille reagearje op it ûntbrekken fan Frjentsjer yn de nota en wurde stipe troch it kolleezje fan Frjentsjerteradiel en de ried.