Soargen oer sintrum Noardwâlde

© Omrop Fryslân
De ûndernimmersferiening fan Noardwâlde OVN makket him grutte soargen oer it sintrum fan it doarp. In soad winkels steane leech en midden yn it winkelgebiet leit in braaklizzend terrein, dêr't mar neat mei bart. Der soe dan ek gau wat feroarje moatte.
De ûndernimmersferiening hat it Hoofd Bedrijfschap Detailhandel út Den Haach ynskeakele om te sjen nei de mooglikheden.