Soargen oer bibleteekwurk

Bibliotheekservice Fryslân makket him grutte soargen oer de plannen fan de provinsje om de bibleteken ûnder te bringen by de gemeenten. Neffens direkteur Jellie Tiemersma soe dat soargje foar jildfergriemerij trochdat der net mear effisjint wurke wurde kin. Ek soe it de gearwurking dy't der op it stuit bestiet tusken de ferskate bibleteken yn gefaar bringe.
Rezjy fan boppen is dêrby needsakelik. De provinsje wol lykwols fan de rezjyfunksje oer de bibleteek ôf.