Van de Bles tydlik út Steaten

Theo van de Bles fan Noardwâlde hat syn wurk as Steatelid tydlik dellizze moatten omdat er siik is. Van der Bles sit yn de Steaten foar Grien Links. Hy wurdt tydlik ferfongen troch Retze van der Honing fan It Hearrenfean dy't woansdei beëdige is.
Van der Honing sil minimaal acht wike Steatelid wêze. It is noch net earder foarkommen dat in Steatelid tydlik beneamd is.