Van Rijswijk nei de Falklands

Cambuur-jeugdtrainer René van Rijswijk sil nei de Falkland Islands reizgje om dêr trainings en clinics te jaan. Cambuur is benadere troch it Falklandse fuotbalbûn om harren te helpen mei in tal wedstriden en toernoaien.
De Falkland Islands lizze flak by Argentinië, mar binne ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk. Van Rijswijk giet yn desimber fuort en komt jannewaris werom.