Busferfier eilannen oantreklik

© Omrop Fryslân
Fjouwer ferfiersmaatskippijen wolle fan takom jier ôf it iepenbier ferfier op Amelân, Skylge en Flylân dwaan. It giet om Connexxion, Q-Buzz, SLS Travel Solutions út Rijssen en om de kombinaasje tusken Arriva en Taksi Sintrale Renesse.
De belangstelling foar it busferfier op de eilannen is opfallend, omdat ferline jier gjin inkelde maatskippij it dwaan woe. De konsesje is no oantrekliker omdat de perioade no acht jier is yn plak fan fiif jier.