Frou mei auto tsjin beam

In 37-jierrige frou út Appelskea is moandei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. It slachtoffer kaam eefkes foar de beboude kom mei har auto yn de berm en rekke yn in slip. De auto kaam tsjin in beam ta stilstân.
De frou siet beknipe en moast troch ambulânse- en brânwachtminsken befrijd wurde. It slachtoffer hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.