Oppakt foar drugs en wapens

© Omrop Fryslân
In man (40) út Zuidhorn is sneontejûn troch de plysje yn Drachten oppakt foar it hawwen fan harddrugs en wapens. De man hie plysjeminsken earder om it goede paad yn Drachten frege. Doe't se him stean seagen op de Middelwyk, fertrouden se it net hielendal.
By kontrôle fan de auto kaam ûnder oare XTC en heroïne oan it ljocht. Ek hie de fertochte in boksbeugel by him. De man is oanholden en nei it buro brocht.