Botsing mei ko op A32

© Omrop Fryslân
In man (24) út Ermelo is sneintemoarn yn botsing kaam mei in losrinnende ko op de A32 by Haskerdiken. De ko wie mei 15 oaren ûntsnapt en wie op de grutte dyk bedarre.
De automobilist besocht noch de kij te ûntwiken, mar rekke dochs ien fan har. De ko kaam dêrby om it libben. De autobestjoerder kaam der sûnder ferwûnings ôf, mar sy passazjier rekke wol licht ferwûne. De kij koene nei it ûngemak troch de boer wer nei har eigen plakje werombrocht wurde.