Oanriding yn Ljouwert

By in oanriding op de Leeuwerikstrjitte yn Ljouwert is sneontemoarn in 22-jierrige fytser út de Fryske haadstêd ferwûne rekke. De fytser kaam yn botsing mei in bestelauto, dy't bestjoerd waard troch in 36-jierrige man út Koarnjum.
De fytser is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.