Ferlies Flyers yn Tilburch

De Hajé Flyers ha freedtejûn yn de iishockeybekerkompetysje mei 9-5 ferlern fan de Destil Trappers. Yn Tilburch waard it in healwize wedstriid. De earste perioade wie foar de thúsploech: 2-0. Yn de twadde perioade kamen de Flyers sterk werom. Dy perioade waard mei 5-3 wûn.
Yn de tredde perioade hiene de Flyers de piip út. De Trappers wûnen mei 4-0.