Makliker skinke oan doarpshûs

Fryske doarpshuzen hoege aanst mooglik net mear in soad belesting te beteljen oer skinkingen. Earder moast dit wol, omdat doarpshuzen net sjoen waarden as in ynstelling fan algemien nut.
In tsjerke hoegde gjin belesting te beteljen, doarpshuzen wol. No wurde de regels oanpast. It doarpshûs fan Marsum is al trije jier dwaande mei in neilittenskipssaak. Twa froulju hiene twa ton neilitten; mear as de helte moast nei de fiskus. De saak Marsum wie oanlieding foar de nije regels.