NOP-poly Antonius gau klear

© Omrop Fryslân
It Antonius sikehûs fan Snits ferwachtet ein dit jier de nije tydlike polyklinyk yn Emmeloard klear te hawwen. Tongersdei wie de offisjele start fan de bou, mar dy giet folle hurder as tocht. Yn it tydlike sintrum komme 15 polykliniken, bêden foar deiferpleging, in laboratoarium en röntgenapparatuer. Ek de húsdoktersintrale krijt der ûnderdak.
Doel fan it Antonius is om mei in ferpleechynstelling in definityf soarchsintrum yn Emmeloard te hawwen.