Werkplein Dokkum moandei los

Minsken út Noardeast-Fryslân dy't wurk sykje, kinne fan moandei ôf terjochte yn it gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum. Dêr wurdt moandei it nije kantoar iepene fan Werkplein Noordoost Fryslân, in gearwurking tusken CWI, UWV en de fjouwer gemeenten yn Noardeast-Fryslân.
Wurksykjenden kinne dêr tenei better en flugger in baan sykje om't alle ynstânsjes dy't mei reyntegraasje te meitsjen hawwe, no by elkoar sitte.