S'lân te set mei weryndieling

© Omrop Fryslân
Skarsterlân sil yn in spesjale kommisjegearkomste op 1 desimber syn stânpunt ynnimme oer gemeentlike weryndieling. Oant no ta hat de gemeente gjin foarkar útsprutsen.
Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat ha al oanjûn graach mei Skarsterlân gear te wurkjen. Gaasterlân-Sleat wol op termyn ek fusearje, Lemsterlân fynt dat net nedich. Beide gemeenten ha Skarsterlân frege sa gau mooglik mei in stânpunt te kommen. Dat bart dus begjin desimber.